Foppe de Haan teloarsteld

30 nov 2009 - 23:54
  • Foppe de Haan teloarsteld

SC_Hearrenfean hat âld-trainer Foppe de Haan teloarsteld troch te kiezen foar in trainingskamp yn Turkije. De_Haan hie graach hân dat Hearrenfean de winterstop yn Súd-Afrika trochbrocht. Dêr hie de Fryske seleksje oefenje kinnen tsin syn klup Ajax_Cape_Town.

Neffens Hearrenfean wie in trainingskamp yn Súd-Afrika te ûnwis. As der de kommende wiken in wedstriid ôflast wurdt, moat dy yn it wykein fan 16 en 17 jannewaris ynhelle wurde. De weromreis soe dan te djoer wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)