Foppe de Haan nei Tûvalû

25 maaie 2011 - 17:23
  • Foppe de Haan
  • Tûvalû leit hiel fier fuort............

Foppe de Haan wurdt bûnscoach fan it eilantsje Tûvalû. Dat leit tusken Australië en Hawaï. It nijs wurdt melden troch de foarsitter fan it fuotbalbûn fan Tûvalû.

Tûvalû is noch gjin lid fan it wrâldfuotbalbûn FIFA. De Haan soe dêr mooglik foar soargje moatte. Hij wol it berjocht net befestigje. Kommende freed sil er op in parsekonferinsje syn plannen bekendmeitsje. De 67-jierrige Foppe de Haan wurke de lêste twa jier by Ajax Cape Town.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)