Foppe de Haan makket seizoen ôf by SC Hearrenfean

11 des 2015 - 22:26
  • Foppe de Haan makket bekend dat hy it seizoen ôfmakket by SC Hearrenfean

Trainer Foppe de Haan makket it seizoen ôf by Sportklup Hearrenfean. Dit makke hy freedtejûn bekend by de parsekonferinsje nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Excelsior.

De Haan soe yn earste ynstânsje fjouwer wedstriden oan de slach as ynterim-trainer. Om't dit goed befoel, waard besletten dat hy oant en mei de winterstop oanbliuwt as trainer. De resultaten binne lykwols sa bêst, dat sawol De Haan as de klup it seizoen graach mei-inoar ôfmeitsje wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)