Foppe de Haan kiest foar Te Vrede

18 des 2015 - 15:06

Mitchell Te Vrede krijt fan Foppe de Haan de foarkar boppe Henk Veerman. Yn de lêste kompetysjewedstriid fan it jier tsjin ADO Den Haach mei hy yn de basis úteinsette.

Joey van den Berg is nei syn reade kaart yn it bekertreffen mei Roda JC foar ien wedstriid skorst. Hy wurdt yn it sintrum ferfongen troch Joost van Aken, wêrtroch Lucas Bijker op de linkerkant komt te stean. Sam Larsson trainde freed net mei. De Sweedske fleugeloanfaller krige rêst, mar is neffens De Haan tsjin ADO wol beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)