Foppe de Haan hat alle betrouwen yn Jurgen Streppel

17 mrt 2016 - 16:10
  • Foppe de Haan

Foppe de Haan hat alle betrouwen yn de nije trainer fan Sportklup Hearrenfean, Jurgen Streppel. Dat sei er tongersdei op de training. Nei ôfrin fan dit seizoen sil De Haan it stokje oerjaan oan Streppel, dy't no noch trainer is fan Willem II. De spilersgroep hopet op in coach mei hege ambysjes.

Foppe de Haan is oansteld as ynterim-coach by de Feansters sûnt it fuortgean fan trainer Dwight Lodeweges yn oktober. Hy kin Streppel fan in trainerskursus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)