Foppe de Haan: "Dit spul fernuveret my"

19 mrt 2016 - 22:24
  • Foppe de Haan

Foppe de Haan is fernuvere oer it spul dat de spilers fan SC Hearrenfean sneontejûn sjen litten ha yn de wedstriid tsjin Heracles. In wike lyn spilen de spilers oanfallend tsjin PSV en no wie dat fier te sykjen.

Hoe't dat kin? It is neffens de trainer 'voer voor psychologen'. "Dat moatte de spilers my mar útlizze, ik begryp it gewoan net. It binne deselde jonges, we ha goed traind en de bylden fan de wedstriid fan ferline wike weromsjoen en sein fan 'sa moat it'. It like wol oft de fuotballers no bang wienen, oft se gjin lef hienen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)