Foppe de Haan bliuwt oant winterstop by SC Hearrenfean

04 nov 2015 - 10:53
  • In training fan SC Hearrenfean

Foppe de Haan bliuwt definityf oant de winterstop haadtrainer by SC Hearrenfean. Hy ferfangt fan 21 oktober ôf Dwight Lodeweges, dy't ûnferwachts opstapte. De Haan soe Lodeweges earst fjouwer wedstriden opfolgje, mar bliuwt no oant de winterstop.

De fuotbalklup is der bliid mei, want dy kin no yn alle rêst op syk nei in nije haadtrainer. Yn de ôfrûne twa wiken hat SC Hearrenfean gjin wedstriid mear ferlern mei De Haan as ynterimtrainer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)