Foppe coach fan Jong Oranje

11 mrt 2004 - 00:00

Foppe de Haan sil op 1 july foar fjouwer jier oan de slach as coach fan Jong Oranje/Olympysk team. Hy krijt de opdracht mei dat team kwalifikaasje foar de Olympyske Spullen fan 2008 ôf te twingen. De kommende twa seizoenen steane noch yn it teken fan pleatsing foar it Europeesk kampioenskip foar spilers ûnder de 21 jier.

Yn syn nije funksje by de KNVB wurdt De Haan ek technysk koördinator fan de nasjonale jeugdteams fan 17 jier ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)