Fonteinslannen letter boud

11 sep 2008 - 07:21

De bou fan ´e Fonteinslannen yn Dokkum leit trije moannen achter op skema. Troch ferskate oarsaken kin der no pas yn april 2009 begûn wurde mei bouwen. Dat die woansdei bliken op ´e kommisjegearkomste fan ´e gemeente Dongeradiel. Yn ´e Fonteinslannen wurde 96 wenten sloopt. Dêrfoar yn it plak komme nije wenten mei in mjuks fan hier- en keapwenten. Yn 2010 wurdt mei de lêste faze fan nijbou út_ein_set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)