Fonken ûnder auto wei

19 aug 2008 - 10:22

De plysje hat yn Tsjalbert moandeitejûn it rydbewiis ynnaam fan in 52-jierrige automobilist fan De Tynje. De fertochte ried op de Haudmare en foel op, omdat der fonken ûnder syn auto weikamen. Nei´t de plysje de man oanhâlden hie, die bliken dat de man ûnder ynfloed wie. Hy moast mei nei it plysjeburo.

De skea oan ´e auto wie it gefolch fan in oanriding op de Mobilisaasjewei op It_Hearrenfean krekt foardat de plysje him oanhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)