Fon ten Thij oansteld as gebietskoördinator Wynpark Fryslân

11 mrt 2016 - 10:28
  • De Iselmardyk

Fon ten Thij giet fan freed ôf oan de slach as gebietskoördinator foar Wynpark Fryslân. Dat wynmûnepark komt yn de Iselmar. De beneaming fan Ten Thij is goedkard troch de gemeente Súdwest-Fryslân, de provinsje en it ministearje fan ekonomyske saken. Ten Thij moat derfoar soargje dat alle partijen rûnom it wynpark mei mekoar yn petear komme en bliuwe.

Der is in soad wjerstân tsjin de plannen foar it wynpark foar de Iselmarkust. Ten Thij sil ûnder oare in plan fan oanpak meitsje foar de lokale ekonomy, rekreaasje, toerisme en natuer.

De nije gebietskoördinator hat de nedige ûnderfining, want hy wie earder belutsen by wynenerzjyprojekten yn Noard- en Súd-Hollân, Grinslân en Seelân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)