Folweardich parkoers maraton

23 nov 2009 - 10:21
  • Dielnimmers oan de maraton fan 2009 (foto: Dirk Jan Haarsma)

De maraton fan Ljouwert leit takom jier in grutter beslach op de stêd as de ôfrûne jierren. It bestjoer wol yn 2010 ien parkoers fan 42 km útlizze yn plak fan twa kear itselde rûntsje. De organisaasje hopet de maraton sa oantrekliker te meitsjen.

Ek wol de organisaasje earder op de dei mei de maraton begjinne sadat de dielnimmers mear ferspraat oer de dei rinne kinne. Ek dat soe mooglik foar ekstra oerlêst soargje kinne. De maraton is op 6 juny 2010.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)