Folslein smookferbod sikehûs

02 jun 2013 - 11:08

By it Antonius sikehûs yn Snits jildt sûnt sneon in folslein smookferbod. Dan giet it net allinne om yn it sikehûs, mar ek om de parkearterreinen. Der binne spesjale smookplakken makke njonken it sikehûsgebou. It smookbelied is oanskerpe omdat smoke net allinne net sûn is, mar ek hinderlik foar minsken dy't net smoke. Allinne foar slim sike pasjinten is yn oerlis in útsûndering mooglik.

It smookferbod jildt ek foar de lokaasjes fan Thússoarch Súdwest-Fryslân en foar de festiging fan it Antonius yn Emmeloard. Sy falle allegear ûnder de Antonius Zorggroep.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)