Folop plezier fan maitiidswaar

22 mrt 2012 - 17:23

It moaie waar soarget der foar dat alles en elkenien nei bûten giet. Minsken en bisten sykje allegear de bûtenlucht op.

Minsken sieten op it terras en boer Yntema fan Easterein liet syn fee it lân yn gean.

Neffens de waarberjochten bliuwt it ek de kommende dagen maitiidswaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)