Folop plannen foar De Kruidhof yn Bûtenpost

02 apr 2016 - 10:18

Dit wykein iepenet De Kruidhof yn Bûtenpost har doarren wer. In nij seizoen bringt nije dingen. Sa is de botanyske tún fan no ôf in offisjele troulokaasje. Bysûnder fynt direkteur Jan Willem Zwart: "Ik bin sels trouambtner. It is it moaiste wurk fan de wrâld, minsken yn de echt ferbine, en dat kin hjir no ek op de Krûdhof."

Felt Beehive

Nij is ek de 'Felt Beehive', in koepel makke fan plestik en oanklaaid mei filt fan skieppewol. It docht wat tinken oan in bijekoer. Hjir kinne minsken rêst fine of lytse byienkomsten hâlde. "Miskien dat minsken hjir efkes stil stean kinne by de bij, hoe belangryk se binne foar de biodiversiteit." De Kruidhof hopet mei it projekt 'Silence of the bees' it kennissintrum foar it Noarden oangeande de bij te wurden. 'Silence of the bees' is opnommen yn it bidboek fan KH2018. De kommende twa jier sille der alderhande aktiviteiten ûntwikkele wurde om minsken bewust te meitsjen fan it belang fan de bij.  

Oratorio for 1 million souls

In Australyske keunstner hat in ûntwerp makke foar in hiele grutte bijekoer mei sa'n tweintich bijekasten der om hinne. Yn de koer is it lûd fan likernôch ien miljoen bijen te ûnderfinen. It ûntwerp is noch net definityf, omdat it neffens bijesaakkundigen net goed is om safolle bijefolken sa ticht byelkoar te setten. Dit "Oratorio for 1 million souls" moat yn 2018 yn de tún stean. 

Nije yntree

Op it stuit wurdt der al wurke oan in nije ynfrastruktuer wêrby de gearwurking tusken De Kruidhof, sosjaal-kultureel sintrum It Koartling en it Iistidemuseum foarm krijt yn in nij multyfunksjoneel gebou. Hjir is rom sân ton foar beskikber. En dan leit der noch in projektfoarstel om ûndersyk te dwaan nei halofiten, sâltplanten. De universiteit yn Grins wol graach witte wat dizze halofiten betsjutte kinne foar de kosmetika, tsjin it âlder wurden fan de hûd. De Kruidhof sil de planten tele. 

Snein yn Buro de Vries op Omrop Fryslân Radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)