Folop drugs op Fryske skoallen

23 des 2005 - 09:42

Op 9 fan de 10 middelbere skoallen yn Fryslân is drugs te krijen. Dat docht bliken út in lanlike stekproef fan in ynternetmagazine. Verslavingszorg Noord Nederland yn Ljouwert befestigt dat it yn Fryslân net oars is.

Yn de measte gefallen giet it om soft drugs. Mar by 6 fan de 10 skoallen foar foartset ûnderwiis is der ek hard drugs te keap. En it makket net út oft de skoalle yn de stêd stiet of op it plattelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)