Folop aksje rêdingsboat Skier

24 sep 2007 - 20:04

De rêdingsboat fan Skiermûntseach moast moandeitemiddei twa kear yn aksje komme. Earst moast in kotter flot lutsen wurde. Dizze boat is nei Lauwerseach sleept.

De kotter hie in net yn de skroef krigen en wie fêst rûn. Yn Lauwerseach krige de rêdingsboat fan Skier de melding dat in twamaster problemen hie. Mei help fan de kollega's út Lauwerseach is ek dit skip nei de haven fan Lauwerseach brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)