Follybalwinst foar Snits

20 feb 2011 - 13:17
  • Snits yn 'e oanfal (foto: Sportfotografie Hijlkema)

De follybalsters fan VC Snits pakten sneon harren earste oerwinning yn 2011. Der waard yn trije sets wûn fan de nûmer lêst yn de Dela League, TFM/DOK fan Dwingeloo/Diever. De ploech fan trainster Petra Groenland stiet noch wol op it twad-ûnderste plak.

De setstannen yn de Snitser Sporthal wiene 25-11, 25-19 en 25-15. Snein spylje de Snitsers tsjin FeelPush, dat yn plak ûnder harren stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)