Follybalteam divyzje leger

07 maaie 2009 - 21:26

It manljusfollybalteam fan VC Sneek docht takom seizoen frijwillich in stap werom nei de twadde divyzje. Dat hawwe de technyske kommisje en it bestjoer tongersdei besletten.

It earste team fan de manlju degradearre ôfrûne seizoen fan de B-league nei de earste divyzje. Omdat guon spilers ophâlde en der te min oanfolling fan bûtenôf is, kin der takom jier net in represintatyf team foar de earste divyzje gearstald wurde. It earste en twadde wurde ien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)