Follybalsters Snits winne no wol krekt fan Set Up '65

17 mrt 2016 - 22:28
  • VC Snits (argyffoto)

De follybalsters fan Snits ha yn de kampioenspûl mei 3-2 wûn fan Set Up '65. Tsjin koprinner Set Up waard it in drege wedstriid. In wike lyn ferlear Snits mei deselde sifers fan de ploech yn Ootmarsum. De earste set wie foar Snits mei 25-17. Dêrnei gong it om en om. Set Up wûn de twadde en tredde set mei 25-23 en 27-25. De fjirde set wie foar Snits mei 25-20, De lêste fiifde set gong mei 18-16 nei Snits. Snits is no wer koprinner yn de earedifyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)