Follybalsters Snits winne fan Peelpush

01 apr 2015 - 21:32
  • De winst is binnen

De follybalsters fan Snits bliuwe yn de striid om it kampioenskip fan Nederlân. Woansdeitejûn waard de fiere útwedstriid yn Meijel (Limboarch) mei 3-0 wûn fan Peelpush. De froulju fan coach Petra Groenland wiene dúdlik better en wûnen de trije sets mei 25-17, 25-19 en 25-22. Sneon is de lêste reguliere wedstriid yn de kampioensgroep. Koprinner Eurosped komt dan nei Snits. Eurosped is net mear yn te heljen, mar Snits moat it twadde plak fêsthâlde. De nûmers ien en twa spylje yn in bêste fan fiif searje om de lânstitel.

De wedstriid wurdt sneontemiddei om 17.00 oere spile yn sporthal Schuttersveld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)