Follybalsters Snits ûnderút

18 nov 2012 - 14:18

De follybalfroulju fan Snits binne sneontejûn kânsleas mei 3-0 únderút gong tsjin Sliedrecht Sport. Yn Sliedrecht kamen de froulju fan trainster Petra Groenland der gjin momint oan te pas. De koprinner oerklaste de Snitser froulju yn trije sets ienfâldich mei 25-6, 25-14 en 25-13.

Mei de oerwinning fersteviget Sliedrecht de kopposysje yn de Dela Earedivyzje. De ploech stiet mei 20 punten út 7 wedstriden 4 punten los fan de nûmer twa Irmato Weert. De froulju fan Groenland steane op it tredde plak mei 13 punten út 7 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)