Follybalsters Snits stunte

23 mrt 2014 - 17:57

De follybalfroulju fan Snits ha snein foar in stunt soarge yn de play-offs troch mei 3-2 te winnen fan koprinner Alterno. Yn de Alternohal yn Apeldoorn ferlearen de Snitser froulju de earste set. Dêrnei wie de druk der ôf en wûn de ploech fan trainster Petra Groenland de twadde en tredde set. Yn de fjirde set wie it op 'e nij Alterno dat de stân yn lykwicht luts. Yn de beslissende fyfde set lutsen de Snitser follybalsters de winst dochs noch oer de streek. De setstannen: 25-16, 16-25, 16-25, 25-20, 11-15.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)