Follybalsters Snits spylje kater fuort

29 nov 2014 - 23:43
  • argyffoto

De follybalsters fan Snits ha de kater fan ôfrûne woansdei fuortspile. Doe kaam der mei it ferlies tsjin Alterno in ein oan it Europeeske aventoer, dat eins noch begjinne moast. Tsjin it Grinzer Lycurgus waard in 'saaklike' 3-1 oerwinning helle. De setstannen yn de Snitser sporthal: 25-22, 25-19, 21-25 en 25-16. De Snitser froulju bliuwe koprinner yn de earedivyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)