Follybalsters Snits kânsleas

08 mrt 2014 - 23:08

De kânsen foar de follybalfroulju fan Snits om de finale te heljen fan de play-offs om it Nederlânsk kampioenskip binne aardich lytser wurden. Yn de eigen sporthal yn Snits waard kânsleas mei 3-0 ferlern fan Alterno fia de setstannen 19-25, 20-25 en 16-25. It wichtige twadde plak achter Sliedrecht (15 punten) rekket út it sicht, want Alterno hat no tolve punten, wylst Snits op sân stean bliuwt. Der binne noch seis wedstriiden te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)