Follybalsters Snits finalist

21 mrt 2012 - 22:22

De follybalsters fan Snits hawwe har woansdeitejûn ferrassend pleatst foar de finale yn de striid om it lânskampioenskip. Yn de Snitser sporthal wûn Snits mei 3-1 fan Alterno út Apeldoorn. De setstannen wienen 20-25, 26-24, 25-14 en 25-22. Nei in dreech begjin kamen de Snitser froulju hieltyd better yn de wedstriid. De winst wie dik fertsjinne. It alderlêste punt krigen de Snitsers op bysûndere wize. Alterno fergeat te rûlearjen yn de service en doe besliste de skiedsrjochter dat it punt nei Snits gie. Dêrmei wie de oerwinning in feit.

Snits hie ôfrûne snein de earste wedstriid yn Apeldoorn ek al wûn. Doe waard Alterno, de nûmer ien yn de reguliere kompetysje, mei 3-2 ferslein. Snits spilet de finale yn in sanemade 'best of five' searje tsjin de winner fan de wedstriid Sliedrecht-Weert. De Snitsers spylje kommende snein as earste thús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)