Follybalsters Snits ferslaan Sliedrecht Sport

25 mrt 2015 - 21:12
  • De winst is binnen

De follybalsters fan Snits ha de sânde wedstriid yn de kampioensgroep mei 3-1 fan Sliedrecht Sport wûn. Yn de Snitser sporthal gong de earste set mei 25-21 nei de thúsploech. De twadde wie mei 25-17 foar Sliedrecht. Yn de tredde set wiene de froulju fan coach Petra Groenland wer better op dreef: 25-16 winst. Mei 25-18 yn de fjirde set makke Snits dien wurk. Troch de winst bliuwt de ploech yn de race foar it kampioenskip. Sneontejûn is Alterno yn Snits de folgjende tsjinstanner.

De nûmers ien en twa fan de kampioensgroep spylje om de Nederlânske titel yn in 'bêste fan fiif' searje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)