Follybalsters Snits as bêste nei play-offs om lânstitel

06 feb 2016 - 22:40

De follybalsters fan Snits geane as nûmer 1 de play-offs om de lânstitel yn. Yn de Snitser Sporthal waard sneon mei 3-0 wûn fan Eurosped út Almelo fia de setstannen 25-20, 25-16 en 25-18. Mei noch ien spylronde te gean kin de ploech fan trainer/coach Petra Groenland yn de reguliere kompetysje net mear ynhelle wurde troch Set Up en Sliedrecht, de nûmers 2 en 3.

VC Snits nimt as koprinner 5 punten mei nei de play-offs, de nûmer twa krijt 4 punten en sa fierder. Yn totaal stride seis ploegen om lânstitel. De Snitsers binne titelferdigener.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)