Follybalsters Snits ûnderút

31 mrt 2012 - 21:11

De follybalsters fan Snits hawwe op 'e nij mei 3-0 ferlern fan Sliedrecht Sport. Yn de Snitser sporthal gienen de Snitser froulju foar de twadde kear achterelkoar mei 3-0 ûnderút tsjin Sliedrecht Sport. De setstannen wienen 19-25, 19-25 en 20-25. Krekt as woansdei yn Sliedrecht wie de tsjinstanner ek hjoed folle sterker as Snits. Sliedrecht stiet no mei 2-1 foar yn de saneamde 'best of five' searje. Snein spylje beide ploegen, wer yn Snits, foar de fjirde kear tsjin elkoar. Wint Snits, dan is woansdei de beslissende wedstriid yn Sliedrecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)