Follybalster Klaske Sikkes selektearre foar Oranje

09 maaie 2015 - 11:37
  • De follybalsters fan VC Snits (stockfoto)

Follybalster Klaske Sikkes fan VC Snits is troch bûnscoach Giovanni Guidetti útkeazen foar it Nederlânsk frouljusteam. De coach makke de saneamde grutte list met 28 spylsters foar it ynternasjonale seizoen freed bekend. Elke follybalster op de list kriget in kâns om har te bewizen. Op 22 maaie wurdt bekend makke hokker achttjin spylsters oerbliuwe fan de 28.

Oranje is net hielendal ûnbekend terrein foar Sikkes. Sy hat dêr earder staazje rûn en kaam as spylster út foar de ploech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)