Follybalfroulju winne Supercup

28 sep 2014 - 16:50
  • De follybalsters fan Snits pakten de Supercup
  • De follybalfroulju fan Snits
  • De follybalfroulju fan Snits

De follybalfroulju fan Snits skreaunen snein histoarje troch foar it earst yn de skiednis fan de klup de Supercup te pakken. Yn eigen hal waard lânskampioen Alterno mei 3-0 ferslein. De Snitser froulju pakten de earste set mei 25-18.

Ek de spannende twadde set waard mei 25-23 in proai foar de ploech fan trainster Petra Groenland. Yn de tredde set skreaunen de Snitser follybalfroulju histoarje troch mei 25-18 de winst te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)