Follybalfroulju Snits winne topper en bliuwe koprinner

22 nov 2014 - 23:01
  • De winst is binnen

De follybalfroulju fan Snits ha sneontejûn de topper yn de earedivyzje wûn en bliuwe dêrtroch de koprinner. Snits wûn yn de eigen Snitser sporthal mei 3-1 fan nûmer twa Peelpush.

De earste set gong mei 25-22 nei de Snitsers. De ploech út it Limboarchske Meijel kaam op likense hichte troch mei 25-20 de twadde set te winnen. Dêrnei makke de ploech fan trainster Petra Groenland dien wurk troch de lêste twa sets mei 25-22 en 25-18 te winnen. It gat mei de nûmer twa Peelpush is no fiif punten.

De oare twa konkurrinten, Sliedrecht Sport en Alterno, lieten beide punten lizze. Sliedrecht wûn pas nei fiif sets fan Eurosped en Alterno, woansdei yn Apeldoorn wer de tsjinstanner fan Snits yn Europa, ferlear mei 3-2 fan Set Up '65. Alterno en Sliedrecht Sport stean kwa ferliespunten lyk mei Snits, mar ha twa wedstriden minder spile en seis punten minder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)