Follybalfroulju Snits jouwe winst út hannen

25 feb 2015 - 21:41
  • De froulju fan Snits

De follybalsters fan Snits ha de earste wedstriid yn de kampioenspûl ferlern. Yn Almelo wûn Eurosped mei 3-2. De beide ploegen makken der ek dizze kear in spannende wedstriid fan. De earste set gong mei 26-24 nei de thúsploech. Dêrnei folge twa kear Snitser winst: 25-22 en 25-23.

Omdat Eurosped de fjirde set mei 25-21 wûn, moast de fiifde set de beslissing bringe. Dy gong mei 16-14 nei Eurosped. De Snitser froulju wisten mei in 14-10 foarsprong fjouwer matchpunten net te fersulverjen.

De kampioensgroep bestiet út de earste seis ploegen fan de reguliere kompetysje. De nûmers ien en twa fan dizze nije rige wedstiden spylje de finale (bêste fan fiif) om de lânstitel.

Ut de reguliere kompetysje nimme de ploegen punten mei. Nûmer ien Sliedrecht Sport fiif punten, Snits, de nûmer twa, fjouwer punten. It ôfrûne wykein ferlear Snits de bekerfinale mei 3-2 fan Sliedrecht Sport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)