Follybalfroulju Snits ferlieze

04 des 2011 - 15:22

De follybalfroulju fan Snits hawwe sneon de útwedstriid mei 3-1 ferlern fan Kindercentrum út Apeldoorn. Nei ferlies fan de earste set wisten de froulju de twadde te pakken. Doe't Kindercentrum de tredde set krekt wûn, wie it in útmakke saak. Yn de fjirde set kamen de Snitsers der net mear oan te pas. De setstannen wiene 25-16, 20-25, 25-23 en 25-14. De Snitser froulju steane nei acht wedstriden op in sechsde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)