Follybal Snits wint de lêste

29 mrt 2014 - 22:30
  • De froulju fan VC Snits

De follybalfroulju fan Snits hawwe it seizoen ôfsletten mei winst. Yn de Sneker Sporthal wûn Snits mei 3-0 fan Eurosped fia trije kear 25-15 setwinst. Troch dit resultaat einiget de ploech fan coach Petra Groenland op it tredde plak yn de earedivyzje. Foar de Snitsers wie it in fantastysk seizoen mei as hichtepunt de bekerwinst. VC Snits mei dêrom takom seizoen yn Europeesk ferbân útkomme, mar it is noch net wis oft dat finansjeel helber is. Bestjoerslid René Akkerman is lykwols hoopfol oer dielname yn Europa nei petearen mei sponsors.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)