Follybal Snits jout winst kado

01 mrt 2014 - 22:51
  • De follybalfroulju fan Snits (argyffoto)

De follybalfroulju fan Snits ha de winst folslein út hannen jûn tsjin Sliedrecht Sport. Yn de Snitser sporthal namen de froulju fan Petra Groenland yn de beslissende fiifde set in 13-7 foarsprong, mar it needsaaklike 15e punt kaam der net. Sliedrecht wûn de set mei 16-14, mei in soad diskusje oer it foarlêste punt. Krekt as in wike lyn makken de beide ploegen der in spektakel fan. Doe gong it om de heale bekerfinale, dy't Snits wûn. No wie it de twadde wedstriid fan de play-offs. De setstannen: 16-25, 30-28, 25-20, 21-25 en 14-16.

Sliedrecht Sport bliuwt koprinner mei 10 út 2. Alterno hat 9 út 2 en Snits 6 út 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)