Folleybal: ferlies froulju Snits

19 jan 2004 - 00:00

It wol dit seizoen noch net mei de folleybalfroulju fan Snits. Yn Amstelveen ferlear Snits snein de wedstriid fan AMVJ mei 3-0. De setstannen wiene 25-19, 28-26 en 24-13. Troch it ferlies bliuwt Snits yn 'e earedivyzje foarlêste mei 6 punten út 10 wedstriden.

Snits sit yn 'e degradaasjezone en moat mooglik oan 'e ein fan it seizoen degradaasje-promoasjewedstriden spylje tsjin kampioenen fan 'e earste divyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)