Folle minder wurkleazen

19 apr 2007 - 23:49
  • minder wurkleazen yn Fryslân

It oantal wurkleazen yn Fryslân rint hurd werom, sa docht bliken út sifers fan it Sintrum foar Wurk en Ynkommen. Oer hiel Noard-Nederlân sjoen is it de grutste daling dy't ea troch it CWI mjitten is.

Fryslân is dêryn koprinner. It ôfrûne jier is it tal wurkleazen mei hast 21 prosint ôfnommen. Dat betsjut dat mear as 6.200 minsken wer wurk ha. Yn totaal binne der noch mear as 23.000 Friezen sûnder betelle wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)