Folle minder sike ipen

27 nov 2008 - 11:32
  • It giet goed mei de ipen

It tal sike ipen yn Fryslân is flink weromrûn. Yn 2005 wie 10 prosint fan de ipen besmet mei de ypsykte, no is dat noch oardel prosint. Fryslân telt sa'n 65 tûzen ipen. De St. Ipenwacht Fryslân ferwachte dit pas yn 2011 .

De Ipenwacht waard yn 2005 oprjochte om de ypsykte better te bestriden. Oan de Ipenwacht dogge 21 gemeenten mei. It goeie risseltaat komt neffens de Ipenwacht foaral troch in bettere oanpak en koördinaasje yn de bestriding fan de ypsykte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)