Folle minder keninklike ûnderskiedings yn Fryslân

24 apr 2015 - 12:02
  • De lintjes fan de gemeente Opsterlân
  • Yn Dantumadiel krigen fiif minsken in keninklike ûnderskieding
  • Lintsjerein yn Súdwest-Fryslân

81 Friezen en Friezinnen hawwe freed in keninklike ûnderskieding krigen op de jierlikse lintsjerein. 74 minsken waarden lid yn de Oarder fan Oranje Nassau en 7 waarden ridder. Folle mear manlju as froulju krigen in ûnderskieding: 55 manlju en 26 froulju.

It tal ûnderskieding is dit jier yn Fryslân folle lytser as ferline jier. Doe krigen 112 minsken in keninklike ûnderskieding. Op Flylân, yn Littenseradiel en Weststellingwerf krige freed nimmen in ûnderskieding. Yn de gemeente De Fryske Marren waarden tsien ûnderskiedings útdield.

Benammen minsken dy't lang warber west hawwe as frijwilliger foar bygelyks de tsjerke of in frijwilligersorganisaasje waarden yn it sintsje set. Yn guon gefallen giet it dan net om ienlingen, mar om in echtpear. Yn Oerterp bygelyks krige it echtpear Henk Boersma en Anna Boersma-Osinga beide in ûnderskieding, mar wol mei in ferskil. Boersma is beneamd ta ridder en sy ta lid in de Oarder fan Oranje Nassau. Beide binne aktyf yn it kuorbal en as pleechâlder.

Lanlik hawwe dit jier 2838 minksen in lintsje krigen, dat binne der 300 minder as yn 2014.

Dizze Friezen krigen freed in keninklike ûnderskieding:

DE FRYSKE MARREN
Catharina Cornelia Agricola-Schaafsma fan De Jouwer
Hendrik Ploegstra fan De Jouwer
Ids Mink fan De Jouwer
Janke Trijntje Kooistra-Koopmans fan De Jouwer
Wybe Jissink út Aldehaske
Anne Hoekstra fan De Jouwer
Petrus Johannes Dölle út Balk
Hermina Wever-de Vries út Ychtenbrêge
Tjepke van der Honing fan De Jouwer
Johan Apperloo út Balk

LJOUWERT
Jan van der Veen út Ljouwert
Hans Anne de Boer út Ljouwert
Grietje Trijntje Schabbing-Visser út Ljouwert
Wietske Jorna-Hettinga út Reduzum
Gurbe de Boer út Ljouwert
Jacobus Chris Pietersma út Ljouwert
Willem Vellinga út Ljouwert
Gatske Koning út Ljouwert
Leendert Plaisier út Ljouwert

SUDWEST-FRYSLÂN
Ridder:
Wim Beekman út Koudum - û.o aktyf op tsjerklik gebiet (Generale Synode) en ûnderwiis
Siebren Sjoerd Reitsma út Warkum - aktyf binnen de LTO, ûnderwiis en de polityk

Lid yn de Oarder fan Oranje Nassau:
Corneliske (Corry) Boschma-van der Valk út Hylpen
Harm Rozenberg út Snits
Trijntje (Trienke) Visser-Kuperus út Snits
Sijmen Johannes Wijbenga út Snits
Yke Pieter Yska út Boalsert
Piertje Uilkje (Pie) Zeilstra-Deinum fan De Gaastmar

TYTJERKSTERADIEL
Pieter Wabe Braam út Hurdegaryp
Tjitske Talsma-Louwsma út Hurdegaryp
Tietje Veenstra-Bouma út Oentsjerk
Haijo Wijma út Tytsjerk
Izaäk Zijlstra út Burgum

DANTUMADIEL
Antje Brouwer-Zwart út Damwâld
Sijbren Visser út De Westereen
Geertje Wijnstra-Eisma út Wâlterswâld
Jacob Wybren Bouma út Wâlterswâld
Roel Dijkstra út Feanwâlden

OPSTERLÂN
It pear Henk Boersma en Anna Boersma-Osinga fan Oerterp hawwe beide in ûnderskieding krigen. De man is beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau en syn frou ta lid. Beiden binne aktyf yn it kuorbal en as pleechâlder.
It pear Hiltje (Hilly) Veenstra-Geertsma en Fokke Veenstra út Bakkefean
Johannes Roelsma út Bakkefean

ACHTKARSPELEN
Annie van der Kooi-Zegel út Surhústerfean
Riemke Jager út Surhústerfean
Alle van der Weide fan De Harkema
Anne van der Ploeg fan De Harkema
Tamme Alma fan De Harkema

SMELLINGERLÂN
it pear Gerrit Lieuwes en Jeltje Lieuwes-Postma fan De Rottefalle
Wopkjen (Wokkie) Spiekhout-Boonstra út Drachten
Hein Westerhof út Aldegea

LJOUWERTERADIEL
Albert Oosterhoff út Ljouwert (wenne oant ferline jier yn Stiens)
Abraham Molenaar út Stiens
Bieuwe Rijpstra út Stiens
Hiltsje Zijlstra-Nicolaij út Stiens

IT HEARRENFEAN
Hendrik Sjoerd Bosscha út Nes
Ulbe Tjietze Dijk út De Knipe
Anne Reitze Sijbesma út Akkrum
Wolter Rozenberg út Jubbegea

KOLLUMERLÂN
MInke van der Veen-Bosscha út Kollum
Lieuwe Algra út Kollumersweach
Jinke Halbesma út Kollumersweach

SKYLGE -
Gerrit Doeksen út Midslân
Gijs Hermanus (Gher) Smit út Midslân
(dizze lintsjes wurde moandei útrikt)

DONGERADIEL
Arend Castelein út Holwert
Hette Anne Meinema út Mitselwier
Annelies Hengst-van der Meer út Dokkum

FRJENTSJERTERADIEL
Hans Smelik út Frjentsjer - ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau - foar in ferskaat oan kulturele funksjes yn binnen- en bûtenlân. Hy is sûnt 2006 foarsitter fan Museum it Coopmanshûs yn Frjentsjer.
Carel Zaagsma út Seisbierrum

HARNS
Beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau: Sjoerd Ybema út Harns. Oprjochter fan in arsjitekteburo yn Harns, ûntwerper fan stadions en aktyf foar de Feriening Nederland Nepal. Omdat hy yn it bûtenlân is wurdt hy kommende moandei riddere.
Jacob Westra út Harns

MENAMERADIEL
Arend Doldersum út Menaam
Tjeerd Tijsma út Dronryp

FERWERDERADIEL
Haije Talsma út Burdaard is beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Hy wie acht jier wethâlder fan de gemeente Ferwerderadiel en ek aktyf foar de Stifting Lokale Enerzjy Ferwerderadiel en in ferskaat oan oare sosjale en tsjerklike aktiviteiten.

EASTSTELLINGWERF
Arja Looyen-van Dalen út Easterwâlde is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau.

IT BILT
Arjaantje Sijtsma út Minnertsgea
Hjir krijt noch ien persoan in lintsje op in letter tiidstip.

IT AMELÂN
Douwe Bakker út Hollum

SKIERMÛNTSEACH
Arend Jan (Arend) Maris
Grietje (Greet) Schut-van Eerten

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)