Folle minder falliseminten yn Fryslân

03 apr 2015 - 12:23

It liket wer better te gean mei de ekonomy. It tal falliseminten yn Fryslân is mei hast 20 prosint ôfnaam. Dat litte de nijste sifers fan de Keamer fan Keaphannel oer it earste fearnsjier sjen. De sifers binne útsplitst oer de provinsjes. Dêr docht út bliken dat yn tsien fan de tolve provinsjes minder falliseminten útsprutsen binne.

De sektoaren sûnens, hoareka, yndustry en bou sitte yn de lift. De soarch is de grutste groeier, want fanwege nije regels sûnt 1 jannewaris binne in soad bv's oprjochte.

Yn de bou hawwe har goed 4 prosint mear nije zzp'ers ynskreaun. En yn it midden- en lytsbedriuw binne restaurants en kafetaria's it populêrst by de starters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)