Folle mear dumpte hinnen by Fûgelhelling

01 jan 2015 - 17:15
  • Fûgelhelling yn Oerterp

By de Fûgelhelling yn Oerterp binne de ôfrûne moannen folle mear dumpte hinnen binnenbrocht as gewoanwei. It giet faak om hinnen dy't ferwûnings hawwe en der min útsjogge. Ornaris krijt de opfang twa oant trije hinnen yn 'e moanne, no binne dat der sa'n tweintich. Behearder Hetty Sinnema tinkt dat de útbraak fan de fûgelgryp ien de oarsaken is. De fersoarging kostet de Fûgelhelling in protte jild. Sinnema freget har dêrom ôf oft it asyl noch wol hinnen opfange moat.

De Fûgelhelling is it ôfrûne jier sa'n hûndert donateurs en sponsoaren kwytrekke en moat mei dêrtroch kritysk nei de útjeften sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)