Folle mear auto's iepenbrutsen yn Smellingerlân

10 mrt 2016 - 11:50
  • Autostellerij (argyffoto)

It tal auto-ynbraken yn Smellingerlân is it ôfrûne jier bot tanaam. Wienen der yn 2014 noch 56 ynbraken, yn 2015 hawwe dieven 98 kear ynbrutsen yn auto's. De gemeente Smellingerlân warskôget har ynwenners dêrom om goed út te sjen wêr't se de auto delsette.

Driuwend advys is ek om kostber guod lykas navigaasjesystemen net yn de auto achter te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)