Like folle kâns topsportstatus

06 jun 2014 - 12:29
  • Sa sjocht Thialf derút nei de fernijbou

It TranSportium yn Zoetermeer hat net mear kâns op de topsportstatus as it fernijde Thialf op It Hearrenfean. Dat seit wurdfierder Geert Slot fan sportkoepel NOC*NSF. Zoetermeer tinkt as nûmer twa yn de gunningsproseduere mear rjochten te hawwen as Thialf, no't de oarspronklike winner Icedôme yn Almere de plannen net rûn krigen hat. Mar dat is in misfetting, seit Slot. "Lijstjes bestaan niet meer", sa lit er witte.

NOC*NSF sil op koarte termyn mei sawol Thialf op It Hearrenfean as it TranSportium yn Zoetermeer om tafel om te praten oer hoe't it fierder moat. Foar NOC*NSF is it belangryk dat der genôch iis yn Nederlân beskikber komt foar de topsport, neffens Slot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)