Folkstunen Burgum fernield

10 jul 2006 - 16:42

Yn Burgum binne sneontenacht oan de Tsjerkeleane ferskate folkstúntsjes fernield. Planten waarden út de grûn skuord, beskermnetten fernield en kompostbakken yn de sleat smiten.

De skea is in pear tûzen euro. De plysje ûndersiket de saak. De dieders binne noch net fûn. De eigners fan de folkstúntsjes binne bot rekke troch de fernielerij. De emoasjes rûnen moandei heech op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)