By folksstjerrewacht Burgum nei superbloedmoanne sjen

27 sep 2015 - 15:46
  • Bloedmoanne

Yn de nacht fan snein op moandei is der in unike kâns om in superbloedmoanne mei te meitsjen by de folksstjerrewacht Burgum. By in superbloedmoanne wurdt de moanne fertsjustere troch de ierde dy't tusken de sinne en de moanne yn stiet, wylst de moanne extra ticht by de ierde stiet. De moanne kleuret dan read en liket grutter. De fertsjustering en ferkleuring duorret mear as in oere.

Minsken kinne mei it bleate each nei de loft sjen, mar ek troch de teleskoop, as de loft net berûn is. Yn 2033 is dit ferskynsel pas wer te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)