Foljebalsters fan Snits feilich

21 feb 2005 - 12:13

It frouljus follybalteam fan Snits spilet it nije seizoen ek wer yn de earedivyzje. De ploech fan trainer Olof van der Meulen ferlear de lêste wedstriid fan de kompetysje mei 2-3 fan AMVJ. De twa wûne sets wiene genôch foar ien punt en it feilige achtste plak.

Snits docht no mei oan de play-offs. Yn dy play-offs moatte de Snitser froulju it opnimme tsjin Longa '59, de winner fan 'e kompetysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)