Foljebal: Snits wint fan VVH

09 maaie 2005 - 14:51

De foljebalmanlju fan Snits wûnen sneon de neikompetysje fan VVH út Harderwijk mei 3-0. Yn de eigen hal wie it team fan trener Ruud de Wit oppermachtich. Foaral de service en de smashes wiene sûnder meilijen.

Moandei spilet Snits tsjin Nesselande 2. By winst promovearje de manlju nei de earste divyzje. Utblinker sneon wie Peter de Groot dy't mei syn lingte (2,07 meter) in soad punten skoarde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)