Foljebal: Snits wint fan Volco

28 nov 2004 - 16:36

De foljebalfroulju fan Snits ha sneon yn Ommen mei 0-3 wûn fan Volco. De setstannen wiene 23-25, 22-25 en 16-25. Yn de earste twa sets stiene de Snitser froulju healwei wol fjouwer of fiif punten achter, mar oan de ein spilen se krekt wat konstanter as de froulju fan Volco. De tredde set wie eins mar in formaliteit.

Troch dizze oerwinning is Snits fan it lêste plak yn de earedivyzje ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)