Foliêrefûgels rôversguod

25 apr 2001 - 00:00

De lêste wiken binne fûgeldieven aktyf yn Noard-Nederlân. Ferline wike binne yn Grinslân al in pear hûndert fûgels stellen út foliêres. Dizze wike wie it raak yn Droegeham. Dêr waarden fyftjin fûgels meinommen mei in wearde fan in pear tûzen gûne.

It Nederlânsk Bûn fan Fûgelleafhawwers komt no mei in warskôging foar eigners fan foliêrefûgels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)